Theodor Fritsch

Theodor Fritsch (1852-1933)

Theodor Fritsch, oarspronklik Emil Theodor Fritsche, (Wiedemar, 28 oktober 1852 - Markkleeberg, 8 septimber 1933), wie in Dútsk útjouwer, publisist en polemist. Hy skreau antysemityske geskriften dy't in protte ynfloed hân hawwe op de Dútske publike opiny tsjin de joaden yn de lette 19e en iere 20e iuw. Hy skreau ek ûnder de nammen Thomas Frey, Fritz Thor en Ferdinand Roderich-Stoltheim. Fritsch leaude yn de absolute superioriteit fan it Aryske ras.

Theodor Fritsch (1895–1946) syn soan, wie ek boekferkeaper en lid fan de SA.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search